Reedrydster Groenewoud twadde op NK maraton foar junioaren

17 feb 2018 - 20:28

Marijke Groenewoud is sneon op de Ireen Wüst IIsbaan yn Tilburg twadde wurden op it Nederlânsk kampioenskip maraton foar junioaren. Yn de sprint moatst de reedrydster út Hallum Dieuwertje van Kalken foar gean litte. Efter Van Kalken en Groenewoud pakte Janet Beers it brûns.

By de jonges stiene der gjin Friezen op it poadium. Michel Eenkhoorn pakte dêr de nasjonale titel. Wessel Horlings fan Heech einige op it fiifde plak en wie dêrmei de bêste Fries.

Trefwurden: 
Marijke Groenewoud maraton NK
(advertinsje)