FIDEO: Heit Knegt oer útskeakeling: "Dit is shorttrack, hè"

17 feb 2018 - 19:30

"Dit is shorttrack, hè", wie de earste reaksje fan Joost Knegt nei de útskeakeling fan soan Sjinkie op de Olympyske 1000 meter. Shorttracker Sjinkie Knegt krige sneon al yn de kwartfinale in penalty. Dêr wie syn heit it net mei iens.

Wy folgen mei heit Joost en sus Kim de ferrjochtingen fan Sjinkie Knegt op de 1000 meter, thús by ien fan Sjinkie's beste maten.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)