Fryske cheerleaders reizgje ôf nei de Olympyske Spelen

17 feb 2018 - 19:06

Njoggen cheerleaders fan Frisian Cheer Stars stappe sneontejûn op it fleantúch nei Súd-Koreä. It doel fan de reis is net om it publyk op te waarmjen, mar om it Ynternasjonaal Olympysk Komitee der fan te oertsjûgjen dat cheerleaden mei yngong fan de Olympyske Spelen yn Parys, yn it jier 2024, in olympyske sport wurde moat.

Freedtejûn wie op It Hearrenfean de lêste training foar de lange fleanreis nei Azië en waarden ûnder oare de ferskate sprongen nochris oefene. In oar wichtich ûnderdiel fan de sport is de minsklike piramide, wêrby't in jonge cheerleader, de saneamde flyer, yn de loft smiten en wer opheind wurdt.

Drok programma

De cheerleaders hawwe in drok programma yn Súd-Koreä. De froulju sille by in pear wedstriden koarte demonstraasjes fersoargje en meidwaan oan in freonskiplike cheerleading-wedstriid. De ploech kriget ek in rol by de slutingsseremoanje fan de Winterspelen, sa is it doel, mar hoe't dy rol der krekt útsjocht wite de cheerleaders op dit stuit noch net.

It Nederlânske cheerleadersteam is útnûge, omdat Nederlân as fiifde einige yn it medaljeklassemint op de Spelen yn Sotsji, fjouwer jier lyn.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)