Autobestjoerder rekket licht ferwûne by ûngelok op A7

Auto-ûngelok op de A7 © Rudy Bouma
By in ûngelok op de A7 by Nijlân is sneontemiddei in autobestjoerder licht ferwûne rekke. De man rekke troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt. Hy rekke fan de dyk en kaam tsjin in beam ta stilstân.
De plysje hie ien rydstrook yn de rjochting fan Snits tydlik ôfsletten. In bergingsbedriuw hat de auto fuortsleept.