Iepen dei NHL Stenden lûkt jongeren út de hiele wrâld

17 feb 2018 - 17:58

Neist de 'gewoane' iepen dei fan NHL Stenden Hogeschool foar Nederlânske jongeren, wie der sneontemiddei ek in spesjale iepen dei foar bûtenlânske studinten. Sa'n tritich jongeren út lannen lykas Dútslân, de Feriene Steaten, Fjetnam, Sina en Ingelân kamen op de iepen dei ôf om te sjen oft in stúdzje yn Ljouwert wat foar se is.

Neffens Sarah Glücks, dy't de ynternasjonale iepen dei organisearre, is it foar jongeren wichtich om te witten wêr't se terjochte komme kinne. "Online kun je veel vinden, maar bij ons kunnen ze alles vragen wat ze willen en krijgen ze ook een gevoel bij de stad en de school."

Studinten út Amearika en Ingelân

De measte jongeren dy't nei de hegeskoalle komme, witte al goed wat se wolle. Sa ek Teun Scholten út Amearika. Hy hat Nederlânske âlden en kin in lyts wurdsje Nederlânsk prate, mar docht it dochs leaver yn it Ingelsk. Hy fynt de Nederlânske wize fan les jaan better as de Amerikaanske, omdat der hjir mear omtinken is foar de praktyk.

It risiko dat er de hiele reis foar neat makke hie, bygelyks omdat de skoalle dochs net oan syn ferwachtingen foldwaan soe, neamt er foar leaf. "In certain situations, money doesn't matter." Somtiden is jild net it wichtichste. Boppedat kin er dizze trip moai brûke om syn Nederlânske famylje wer ris op te sykjen.

Ek Hanneke Pigott-Rowles (in Nederlânske beppe, sadwaande dy foarnamme) út Ingelân, wist foar har reis eins al wat se woe. De besite oan de hegeskoalle wie foar har benammen de gelegenheid de sfear fan de skoalle te priuwen. As it neat foar har wie, hie se dochs wat kontakt hân mei oare kultueren.

De hegeskoallen fan Amsterdam en Grins hie de Ingelske ek al besjoen dizze wike, mar Ljouwert liket har dochs it moaist. Se sjocht der no al nei út om hjir de kommende fjouwer jier te wenjen.

(advertinsje)