Noppert op Players Championship ûnderút tsjin Van Gerwen

17 feb 2018 - 17:32

Danny Noppert hat sneontemiddei yn it Ingelske Barnsley de achtste finales helle op it earste Players Championship fan de PDC. Dêryn ferlear de Jouster mei 6-4 fan de nûmer ien fan de wrâld, Michael van Gerwen.

Noppert smiet hast 100 gemiddeld tsjin Van Gerwen, mar koe net op tsjin it geweld fan de twafâldich wrâldkampioen mei goed 108 gemiddeld. Earder op de dei wûn Noppert noch wol fan Alan Norris (6-2), Ross Smith (6-4) en William O'Connor (6-5).

It Players Championship

Oan de Players Championships dogge de bêste 128 darters fan de PDC mei. Dizze toernoaien binne fliertoernoaien, wat ynhâldt dat se net op telefyzje te sjen binne en sûnder publyk spile wurde. Fan de fliertoernoaien wurdt in ranglist byhâlden, wêrmei't de darters harren foar de telefyzjetoernoaien pleatse kinne.

Snein stiet op deselde lokaasje yn Barnsley noch it twadde Players Championship op it programma.

Trefwurden: 
Danny Noppert darten PDC
(advertinsje)