Hurdfytser rekket ferwûne op Tolheksleane yn Fryske Peallen

17 feb 2018 - 17:15

Op de Tolheksleane yn Fryske Peallen is sneontemiddei in hurdfytser slim ferwûne rekke. De fytser is fallen, mar hoe't it ûngelok krekt barre koe is noch ûndúdlik. De plysje wit noch net oft der in oar belutsen wie by it ûngelok.

In traumahelikopter, de plysje en in ambulânse waarden ynset foar helpferliening. De fytser is mei de ambulânse nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten brocht.

(advertinsje)