Anema: "It is net iens in stoarm yn in glês wetter"

17 feb 2018 - 17:00

Jillert Anema fielt him net skuldich yn de matchfixing-affêre fan fjouwer jier lyn by de Olympyske Spelen yn Sotsji, want hy is net skuldich. Dat seit Anema sels. "It is in situaasje fan fjouwer jier lyn wêrfan't wy sein ha: it is klear. No komt it ynienen wer nei boppe", seit Anema. "It is foar my in iepen steed, want ik fûn it net terjochte."

Tsjin de NOS wol Anema ynhâldlik net in soad sizze oer de beskuldigingen. Dat liedt ôf fan de prestaasjes dy't noch delset wurde moatte, seit de reedrydcoach. Snein stiet Anema wer op it iis, as coach fan Heather Bergsma dy't dan de 500 meter rydt.

Anema wol de saak net te grut meitsje. "It is net iens in stoarm yn in glês wetter", seit er. "Ik ha doetiids in brief krigen, gjin warskôging. Of ik ha it net goed lêzen."

Trefwurden: 
Jillert Anema
(advertinsje)