ONS Snits ferliest yn Capelle fan neiste konkurrint

17 feb 2018 - 16:40

ONS Snits hat sneontemiddei de kompetysjewedstriid by en tsjin Capelle ferlern. De ploech fan trainer Chris de Wagt gie tsjin de nûmer sechtjin fan de ranglist mei 4-1 ûnderút.

Nei in lyts kertier skoarde Olaf van der Sande it iepeningsdoelpunt en fiif minuten letter ferdûbele Tim Vincken de skoare. De Snitsers giene dêrnei op syk nei de oanslutingstreffer. Dy foel yn de lêste minút fan de earste helte. De fan IJsselmeervogels hierde Samir Merraki soarge derfoar dat beide ploegen mei in stân fan 2-1 de klaaikeamers opsochten.

Yn de twadde helte krige ONS Snits-spiler Rein Werumeus Buning in grutte kâns op de lykmakker, mar dy foel net. Mei in kopbal wie ploechgenoat Michael Lanting tichtby, mar ek hy slagge der net yn de 2-2 te meitsjen. Tweintich minuten foar tiid skeat Patrick Amels de bal rjochting de krusing, mar keeper Bradly van der Meer koe de bal keare.

In twadde Snitser goal bleau út, wêrnei't Capelle de wedstriid besliste. Yn de lêste tsien minuten skoarde de thúsklup twa kear. Bram van Eijk en opnij Van der Sande soargen derfoar dat de trije punten yn Capelle bleaune.

Capelle - ONS Snits 4-1 (2-1). 14. Olaf van der Sande 1-0, 19. Tim Vincken 2-0, 45. Samir Merraki 2-1, 81. Bram van Eijk 3-1, 84. Van der Sande 4-1.

Trefwurden: 
ONS Snits Capelle fuotbal
(advertinsje)