Heechspringer Amels pakt nasjonale titel yn Apeldoorn

17 feb 2018 - 16:22

Douwe Amels hat sneontemiddei yn Apeldoorn op de Nederlânsk kampioenskippen indoor de nasjonale titel op it ûnderdiel heechspringen pakt. It wie alwer de fiifde kear dat de atleet út Drachten him Nederlânsk kampioen neame mei.

Amels gie oer in hichte fan 2.21 meter, wat sneon genôch wie foar de oerwinning.

Trefwurden: 
Douwe Amels heechspringen
(advertinsje)