Schulting nei 1500 meter: "Ik was gewoon niet goed genoeg"

17 feb 2018 - 15:59

Op de 1500 meter slagge Suzanne Schulting der sneon net yn mei te dwaan yn de striid om de medaljes. De shorttrackster waard yn de heale finale útskeakele. "Ik was vandaag gewoon niet goed genoeg", wie har simpele ferklearring.

"Het was een heel lastige halve finale", seach Schulting werom. "Ik stapte twee keer op een blok en dan mis je ook nog eens snelheid. Nee, ik was gewoon niet goed genoeg. Nu op naar de 1000."

De 1000 meter stiet foar tongersdei op it programma. Nettsjinsteande de útskeakeling yn de heale finale op de 1500 meter fan sneon, hat Schulting fertrouwen yn de race fan tongersdei. "Als ik kijk naar wat ik laat zien op de trainingen, weet ik dat ik goed ben. De 1000 is mijn beste afstand, beter dan de 1500."

(advertinsje)