Pyeongchang, dei 10: Das, Bergsma en Kramer komme yn aksje

18 feb 2018 - 06:10

Nei de teloarstellende shorttrackdei fan sneon, is it snein op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä wer de beurt oan de langebaanriders om harren sjen te litten. Op de 500 meter komme twa 'Fryske' froulju yn aksje en yn de searjes komme de manlju fan de efterfolgingsploech yn aksje   

12.00 oere: ploege-efterfolging manlju

Yn de efterfolgingsploech sil Sven Kramer snein tegearre mei Koen Verweij en Jan Blokhuijsen besykje de kwartfinale troch te kommen. Se trede op yn de fjirde rit, tsjin Amearika. Ynset is in plak yn de heale finale en finale, dy't woansdei ferriden wurde sil.

12.50 oere: 500 meter froulju

Oan de start fan de 500 meter foar froulju ferskine ûnder oaren Anice Das en Heather Bergsma. Sy sille besykje foar in stunt te soargjen, want favoryt op dizze ôfstân binne sy net. Dat is de Japanske Nao Kodaira. Das set fuortendaliks as earste útein. Sy rydt yn de earste rit solo. Bergsma komt yn de njoggende rit Min-Sun Kim út Súd-Koreä tsjin. Marrit Leenstra soe yn earste ynstânsje ek meidwaan, mar sy hat har frijwillich weromlutsen, sadat se har better tariede kin op de ploege-efterfolging fan moandei. De ferfangster fan Leenstra op de 500 meter is Lotte van Beek

Foarsizzingen

Alle dagen docht in panel fan sportsjoernalisten in foarsizzing foar de medaljekânsen fan dy dei. Dat binne Johan Stobbe (Leeuwarder Courant), Koos Wieling (sjoernalist Omrop Fryslân), Lisette van der Geest (sjoernalist Algemeen Dagblad), Joris van den Berg (kommentator shorttrack NOS), Roelof de Vries (sjoernalist Omrop Fryslân) en Cees Juffermans (âld-shorttracker en analist NOS).

Froulju 500 meter

Foarsizzing Koos Wieling

1. Nao Kodaira (Japan)
2. Sang-Hwa Lee (Súd-Koreä)
3. Vanessa Herzog (Eastenryk)

Foarsizzing Lisette van der Geest

1. Nao Kodaira (Japan)
2. Sang-Hwa Lee (Súd-Koreä)
3. Jing Yu (Sina)

Foarsizzing Johan Stobbe

1. Nao Kodaira (Japan)
2. Sang-Hwa Lee (Súd-Koreä)
3. Vanessa Herzog (Eastenryk)

(advertinsje)