Omrop TIP: Hea! by nacht

19 feb 2018 - 08:32

Wat bart der yn Fryslân yn de oeren dat de measte minsken op bêd lizze? De hiele wike stiet by Hea! yn it ramt fan de nacht. In ritsje mei de taksysjauffeur dy't nachts wurket en de bakker dy't de bôle foar de oare dei bakt. Hea! dûkt fan 19 oant en mei 22 febrewaris de nacht yn.

Wa is der noch op de dyk of oan it wurk? Mar ek oer: wat docht de nacht mei harren? Hâlde se fan it tsjuster of lizze sy leaver nachts te sliepen? Ien fan de nachtwurkers is bakker Johan Bijlsma fan Frjentsjer. Hy wurket it leafst nachts. Foar him is it nachtwurk in manier fan libjen, hy docht net oars. "Je kinne lekker trochwurkje, je wurde hast net steurd en der rinkelje gjin telefoans." En sa kin hy yn alle rêst de bôle bakke dy't moarns betiid farsk yn de winkels leit.

Ek Bert Visser, molkrider foar de RMO (Ridende molke ûntfangst) yn Boalsert, sjocht de foardielen foar nachtwurk wol yn: it is dan nammentlik lekker rêstich op 'e dyk. Visser komt nachts op hiel wat boerehiemen om de molketank te leegjen en dêrnei de tûzenen liters nei it fabryk te bringen. Dochs hat dat wurk neffens him bytiden ek in mindere kant. By neare nacht earne bûtenút stean yn min waar, fynt er mar neat.

Hea! by nacht is fan moandei 19 oant en mei tongersdei 22 febrewaris te sjen om 17.35 oere op telefyzje. In ôflevering werom sjen? Sjoch dan op Omropfryslan.nl/hea.

(advertinsje)