Felgen en autobannen stellen by autobedriuw yn Ljouwert

17 feb 2018 - 13:28

By in autobedriuw oan de James Wattstrjitte yn Ljouwert binne freed sechstjin felgen en autobannen stellen. De eigener fan de Saabgaraazje krige in alarmmelding en gie fuortendalik nei syn bedriuw. Dêr seach er dat der in rút fernield wie en dat der felgen mei bannen fuort wiene. Hy hat oanjefte dien fan de stellerij. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
felgen autobannen stellerij
(advertinsje)