Utskeakele Itzhak de Laat: "Ik hie it gewoan helje moatten"

17 feb 2018 - 13:24

Itzhak de Laat hie healwei syn rit op de 1000 meter, dêr't er útskeakele waard,  in misserke. Hy gie net lekker de bocht yn, omdat syn reed it iis ferkeard rekke. Hy fielde hoe't syn reed fuort stuitere. Lytse missers wurde yn it shorttrack fuortendaliks ôfstraft, want it tempo leit heech. "Dan moatst wer achteroan begjinne en gatsjes tichtride. Ik besocht der noch del te kommen, mar koe eins allinnich noch mar bûtenom. Dêr baal ik fan. Ik hie it gewoan helje moatten."

Sa rap De Laat syn Olympysk debút begûn, sa gau wie it ek wer dien. "Ik hie der noch wol in moai rantsje oan dizze dei jaan wollen, mar dat is net slagge."

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)