Omrop TIP: It lân neist ús, berjochten fan 'e keukentafel

24 feb 2018 - 08:11

Alles yn de wrâld om ús hinne makket ûntwikkelingen troch. Dingen ûntstean, libje en feroarje. Yn de Fryslân DOK dokumintêre 'It lân neist ús, berjochten fan 'e keukentafel' folget filmmakker Henk Penninga trije jier lang it stik lânbougrûn direkt njonken syn hûs en syn tún en keuken.

Groei, feroaring en it libjen

Ast út it rút sjochst by de keukentafel fan filmmakker Henk Penninga, dan sjochst it boulân ûnder Minnertsgea. Njonken it lânbougrûn is ek de groei, risping en ferwurking yn Penninga's eigen tún en keuken trije jier lang registrearre. Yn de film is ûnder oare te sjen hoe't tulpebollen fan it lân helle wurde, hoe't in keppel hynders weide wurdt en hoe't der mei in metaaldetektor yn de grûn socht wurdt.

Eigenskippen fan de mins

Muzyk út alle wynrjochtingen fan de wrâld makket in essinsjeel ûnderdiel út fan dizze poëtyske fertelling. In stim fertelt oer it Oer-begjin fan de tiid, wêryn't it Noarden, Suden, Easten en Westen byinoar komme om te oerlizzen oer de eigenskippen fan de mins. De plakken dêr't fûgels wenje moatte en de rol fan de masinen dy't de mins brûkt.

De Fryslân DOK dokumintêre 'It lân neist ús, berjochten fan 'e keukentafel' is op snein 25 febrewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.

(advertinsje)