Knegt: Diskwalifikaasje ûnterjochte, mar wol eigen skuld

Sjinkie Knegt is it net iens mei it sjuerybeslút om him te diskwalifisearjen op de 1000 meter, mar hy siket tagelyk de skuld ek by himsels. Knegt seit dat er flak nei de start daliks al achter de feiten oan rûn. Mar hy fynt net dat er wat ferkeards dien hat by de ynhelaksje. Hy begrypt it sjuerybeslút net. Hy seit tsjin de NOS dat er it ek oan himsels te tankjen hat dat er yn dy posysje kaam
Knegt tinkt dat de sjuery wat goed te meitsjen hat by de Amerikaan John-Henry Krueger. "Dy waard der ûnterjochte út smiten op de 1500 meter en mei no wol troch. Ik wit net wat ik ferkeard dien haw. Neffens my wie it in goede ynhelaksje en haw ik him net hindere."
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.