Knegt, De Laat en Schulting net fierder

Ithzak de Laat en Sjinkie Knegt net fierder op de 1000 meter shorttrack © ANP
De 1000 meter op de Olympyske Spelen is op in teloarstelling útdraaid foar Sjinkie Knegt fan Bantegea. De Fryske shorttracker waard sneontemiddei yn de kwartfinales diskwalifisearre. Hy ried yn in bocht de Amerikaan John-Henry Krueger foarby 'op in ûnregelemintêre wize', neffens de sjuery. Troch de straf sit Knegt net yn de heale finale dy't letter sneon op it programma stiet. Itzhak de Laat út Aldskoat wist de folgjende ronde ek net te berikken.
Suzanne Schulting fan De Tynje waard sneon útskeakele yn de heale finale 1500 meter. Jorien ter Mors is wol troch.
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.