Plysje Noard-Nederlân brûkt stroomstjitwapen net faak

Stroomstjitwapen (fotofoarbyld) © ANP
De plysje fan Noard-Nederlân hat by de lanlike test mei stroomstjitwapens it ôfrûne jier mar ien kear gebrûk makke fan it wapen. It is net bekend yn hokker sitewaasje oft dat barde of wêr't dat wie. Dat meldt RTV Noord.
Yn de rest fan Nederlân waard it stroomstjitwapen folle faker brûkt. De reden dêrfoar is dat it dêr de hûneplysjes binne dy't it wapen by harren hawwe, wylst it yn it Noarden it arrestaasjeteam is. Boppedat docht de plysje fan Noard-Nederlân pas in healjier oan de proef mei, wylst oare korpsen dat al in jier dogge.