Stellen skuon krusjaal by oanhâlding strjitrôvers

© ANP
In pear skuon hat de plysje op it spoar brocht fan fertochten fan in strjitrôf. De plysje hat freedtejûn trije fertochten oanhâlden nei in strjitrôf yn it sintrum fan It Hearrenfean. Yn in stege by de Tsjerkestrjitte bedrigen se twa jonges fan 16 en 17 jier út It Hearrenfean mei in fjoerwapen. Ien fan de jonges moast syn skuon ôfjaan oan de oerfallers. Dêrnei naaiden de fertochten út. Se koene oanhâlden wurde yn in wenning op It Hearrenfean. Dêr fûn de plysje de stellen skuon en in fjoerwapen. Dy binne yn beslach naam.
De fertochten sitte fêst. It giet om in jonge fan 17 jier út in doarp yn de gemeente Hearrenfean en twa manlju fan 18 en 19 jier út It Hearrenfean sels.