Omrop TIP: PietCast #10 Winter, gryp en karnaval

17 feb 2018 - 11:01

It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr't it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy't ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma. Yn de nijste ôflevering stiet de winter en it klimaat sintraal. 

Ja, ja, ja: de winter... Krije wy der noch in bytsje fan? Yn ôflevering 10 komme earst de winterûnderwerpen gryp, karnaval en winterferdivedaasje oan bar. En ta beslút: wat foar eleminten út dizze winter binne streekrjocht ta te skriuwen oan de klimaatferoaringen?

Ien kear yn de trije wiken dûkt Wim Brons tegearre mei Piet djipper it waar yn. Hoe komt Piet oan syn ynformaasje? Krije we ea noch in Alvestêdetocht? Hoe tinkt Piet oer de opwaarming fan de ierde? Allegearre ûnderwerpen dy't oan 'e oarder komme kinne yn de podcasts oer it waar.

De PietCast is te finen yn iTunes. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. Alles oer it waar is fansels te finen op Omropfryslan.nl/waar.

(advertinsje)