Greenpeace slút nije besetting boarplatfoarm net út

Aksjefierders fan Greenpeace slute net út dat se it boarplatfoarm boppe Skiermûntseach de kommende tiid opnij besette sille. Dat seit wurdfierder Meike Rijksen fan Greenpeace. Freed binne njoggen aksjefierders arrestearre. Se wiene op it boarplatfoarm klommen, om te protestearjen tsjin de gaswinning.
In spesjaal team fan de plysje is der mei in helikopter hinne flein om se derwei te heljen. De aksjefierders hiene hope dat se mei it protest de gaswinning tsjinhâlde koene, mar op it boarplatfoarm wurdt sneon gewoan wer wurke.