Minister wol yn maart antwurd jaan op 'pestsaak-Brandaris'

17 feb 2018 - 09:53

Minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken hat mear tiid nedich om Keamerfragen te beäntwurdzjen oer persterijen op de Brandaris. Se moat earst oerlizze mei har kollega's fan Ynfrastruktuer en Sosjale Saken foardat se goed antwurd jaan kin, skriuwt se yn in brief oan de Twadde Keamer.

GrienLinks hie fragen steld oer fjoertoerwachter Nicolette Van Berkel, dy't melding makke fan de pesterijen. Se sit no al twa jier thús. Minister Ollongren ferwachtet dat se yn maart antwurd jaan kin op de fragen.

(advertinsje)
(advertinsje)