"Shorttrackiis yn minne kondysje troch iisrinners"

17 feb 2018 - 09:38

Shorttrackcoach Jeroen Otter makket him lilk oer misken dy't allegearre op it iis rinne yn de iishal yn Gangneung, twa oeren foar de start fan it shorttracken. It giet dan benammen om kameraminsken, lûdsminsken en minsken fan de organisaasje. It iis wurdt dêr hiel min fan, skriuwt Otter op Twitter.

Om 11 oere begjint it shorttracken. Earst de froulju 1500 meter, mei Suzanne Schulting en Jorien ter Mors. Om kertier foar tolven komme Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat yn aksje op de 1000 meter.

(advertinsje)