Sike Geert Kuiper de kommende dagen út de rûlaasje

17 feb 2018 - 09:19

Reedrydcoach Geert Kuiper stiet de kommende dagen net op it iis yn Súd-Koreä. Hy hat de gryp, en wurdt, fanwege besmettingsgefaar by de sporters wei hâlden. Kuiper wie freed ek al siik.

Technysk direkteur Arie Koops fan de KNSB is de ferfanger fan Kuiper. Hy riedt no de ploege-achterfolging ta, by de manlju en de froulju, mei coach Rutger Tijssen as assistent.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)