Stakingen driigje by wenningkorporaasjes

17 feb 2018 - 09:15

Wurknimmers fan Fryske wenningkorporaasjes lizze de kommende wiken mooglik it wurk del. De fakbûnen hawwe aksjes oankundige, om't se it net iens binne mei de nije leansútstellen fan de korporaasjes. Dêryn falle de leanen leger út as de ynflaasje, sei Janne Waage fan de FNV.

De korporaasjes biede foar 2017 in strukturele leansferheging fan 0 prosint en foar 2018 fan 1,5 prosint. Dat fine de fakbûnen te min. Sy easkje 2,5 prosint oer 2017 en 3,5 prosint  oer 2018. De wurkdruk is heger,  en it wurk is dreger wurden, om't minsken langer thús wenjen bliuwe, dy't oars bygelyks yn in GGZ-ynstelling of yn in fersoargingstehûs opnaam wiene.

Wat der ek noch by komt is dat wurkjouwers foar minsken dy't nij yn tsjinst komme, in nije leanstruktuer opsette wolle. Sy soene dan folle minder lean krije. It soe dan 375 en 650 oan lean skele yn de moanne, seit frou Waage. En dat wylst de top wol folle mear lean kriget.  

Sûnt maart ferline jier wurdt der al ûnderhannele mei de wurkjouwers, mar oant no ta sûnder resultaat. As dat resultaat útbliuwt, komt der ein maart in lanlike stakingsdei. De aksjes begjinne ludyk, mar op 27 maart is der in lanlike stakingsdei. It publyk kin dat fernimme omdat der minder besetting is.

(advertinsje)