Marrit Leenstra lit 500 meter sitte yn Pyeongchang

17 feb 2018 - 08:38

Reedrydster Marrit Leenstra docht snein op de Spelen yn Súd-Koreä net mei oan de 500 meter. Se hat har frijwillich weromlutsen, sadat se har better tariede kin op de ploege-achterfolging. Dy is moandei. Leenstra wie op de 500 meter gjin medaljekandidaat. By de ploege-achterfolging wûn se fjouwer jier lyn goud,  mei Ireen Wüst en Lotte van Beek.

Lotte van Beek ferfangt Leenstra snein op de 500 meter.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)