"Oardiel IOC oer saak-Anema pas nei de Spelen"

17 feb 2018 - 07:54

Sportkoepel NOC*NSF ferwachtet yn de saak-Anema gjin fluch oardiel fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee. De kâns is grut dat der pas nei de Spelen in reaksje komt. Dat lit in wurdfierder witte. De saak hat neat mei Pyeongchang te krijen, en dêrom leit it foar de hân dat it IOC de saak earst goed bestudearje wol. Jillert Anema waard dizze wike yn de Volkskrant beskuldige fan matchfixing. Op de Olympyske Spelen fan fjouwer jier lyn krige er dêr in offisjele warskôging foar fan it NOC*NSF. It IOC is dêr doe net fan op de hichte steld.

Yn Nederlân hat minister Bruno Bruins fan Sport in ûndersyk oankundige nei de gong fan saken. De PvdA hat Keamerfragen steld oer de saak-Anema.

Trefwurden: 
Jillert Anema IOC NOC*NSF
(advertinsje)