Kollum: "Tuut tuut tuut, de groetjes van Ruud"

17 feb 2018 - 08:20

"It is hjoed 17 febrewaris. Op dizze dei binne yn de skiednis in soad dingen bard. Yn it jier 1934 komt de Belgyske kening Albert de Earste om it libben by it beklimmen fan in rots. Yn 1979 begjint de Chinees-Vietnameeske oarloch. En jimme binne it miskien al lang ferjitten, mar yn 1993 fergiet foar de kust fan Haïti de fearboat Neptune, wêrby't minimaal 800 minsken omkomme. Yn 1904 giet de opera Madam Butterfly yn premjêre en op dizze dei yn 1946 is it Humanistysk Verbond oprjochte. Ek aardich: Johnny Weismuller swimt yn 1924 in nij rekôr op de 100 meter. Johnny Weismuller? Wa wie dat ek al wer? No, hy spile letter Tarzan, dy't oan lianen troch it oerwâld slingere. Op 17 febrewaris 1867 fear it earste skip troch it Suezkanaal en Ard Schenk en Kees Verkerk nimme it yn 1963 foar it earst tsjininoar op yn it Noard-Hollânske doarp Graft. It is hjoed gjin winter, dat wie yn 1956 wol oars. Doe frear it 18 graden, de leechste temperatuer ea op 17 febrewaris. Trije jier letter wie it de omkearde wrâld. Yn 1961wie it 16,4 graden boppe nul. Dus doe wiene der ek al waar-ekstremen. It sil my benije wat der hjoed barre sil dat de skiednis yngean sil. It sil grif wat mei sport wêze.

Samar wat saken dy't je foar it grutste part al lang ferjitten binne. Frits Barend en Paris Hilton hawwe miskien net folle oerienkomsten, mar se fiere hjoed wol beide harren jierdei. Krekt as popidoal Ed Sheeran.

Ik wie yn in nostalgyske bui doe't ik dizze kollum skreau. It wie ôfrûne woansdei, de dei dat bekend waard dat Ruud Lubbers foargoed de holle dellein hie. Hy waard 78 jier. Eigenaardich, syn foargonger Dries van Agt libbet mar troch. Dy is no al 87.

Nei it nijs fan woansdei wie ik opslach werom yn it begjin fan de jierren '80, de tiid dat ik op myn souderkeamer, wapene mei myn Marantz-fersterker en Sony- kassettedek, in fracht oan muzyk opnaam op Maxell-kassettebantsjes. Gjin TDK, want dy shirtsponsere Ajax en dêr moast ik neat fan hawwe.

Lubbers wie premier fan Nederlân. Dat wie yn dy tiid sa gewoan as boerekoal mei woarst. Jo wisten net better. De man koe trije kertier prate en neat sizze. Dat is op himsels al knap. Krekt as wie er yn sa'n referaat dwaande mei it betinken fan wat er eins echt sizze woe. Hy wie der yn de hjoeddeistige #metoo-tiid miskien net sa goed foarwei kaam, mar dat is in oar ferhaal. As ik de reaksjes sa wat lês, binne de measte minsken, freon en fijân, wol aardich ienriedich oer syn politike feardigens. Tolve jier premier is in hiel skoft. Yn 2010 wie er noch ynformateur.

Wisten jimme trouwens wol dat er in dûbeldgonger hie? Sjoch mar ris nei foto's fan in jonge Lubbers en fergelykje dy mei Peter Sellers. De man dy't Inspector Clouseau yn de Pink Panther-films spile. Aktearje koe Ruud Lubbers ek wol, tink ik. Oars hâlde jo it dêr yn Den Haag net sa lang fol."

(advertinsje)