Avanti ferliest mei lyts ferskil fan koprinner

16 feb 2018 - 22:44

Krekt gjin stuntsje fan de sealfuotbalsters fan Avanti freedtejûn. Yn Stiens naam koprinner Nieuw Roden in foarsprong fan 0-2. Judith Trinidad en Tessa Grashuis brochten de thúsploech noch op gelikense hichte, mar direkt dêrnei makke Grytsje Jongsma de winnende goal foar Nieuw Roden.

Drachtster Boys pakte yn Zwolle in punt op besite by Exstudiantes. By it skoft wie it 2-2. De Drachtster goals waarden makke troch Marian Meijer en Anita Vellama. Yn de twadde helte soarge Jessie Prijs foar de 2-3, mar yn it lêste diel fan de wedstriid kaam Exstudiantes mei in kopgoal wer op gelikense hichte. Yn de spannende lêste minuten wie benammen Exstudiantes noch in pear kear ticht by de winnende goal, mar úteinlik namen de Drachtsters dochs in punt mei nei Fryslân.

(advertinsje)