'Perspectief' riedt statushâlders ta op ferfolchoplieding

16 feb 2018 - 22:18

De oplieding 'Perspectief' fan ynternasjonale skeakelklasse ISK yn Drachten hat yn in healjier tiid in groep jongfolwoeksen statushâlders klearstoomd foar in ferfolchoplieding oan ROC De Friese Poort. De taalklasse is spesjaal opset om folwoeksen Eritreeërs, Syriërs en Afganen goed genôch Nederlânsk te learen om op it MBO in fakoplieding folgje te kinnen.

Dat is nij, want it ISK-ûnderwiis is ornaris allinnich tagonklik foar minderjierrigen. Mar omdat asylsikers dy't op lettere leeftiid nei Nederlân takaam binne oars tusken wâl en skip bedarje, sette in 'Perspectief'-klasse yn Drachten in healjier lyn útein mei achttjin jongfolwoeksen learlingen. Tsien fan harren krigen freed yn Drachten in taalsertifikaat, trije oaren streamden al earder troch nei it MBO, guon oaren binne noch dwaande.

Neffens wethâlder Jos van der Horst fan Smellingerlân is it eksperimint tige slagge. Smellingerlân giet der dêrom mei troch. Van der Horst hopet dat oare Fryske gemeenten harren by dit inisjatyf oanslute sille. De perspektyf-rûte moat foarkomme dat de jonge statushâlders yn de bystân bedarje sûnder in reëel perspektyf op wurk. Troch it folgjen fan in MBO-oplieding wurdt dat perspektyf folle geunstiger.

(advertinsje)