Teloarstellend lykspul Cambuur by RKC Waalwijk

16 feb 2018 - 21:58

Cambuur is der net yn slagge om trije punten mei te nimmen út Waalwijk. RKC en de Ljouwerters kamen beide net ta skoaren.

Yn de earste helte besocht Cambuur wol it spul te meitsjen en de Ljouwerters wienen ek faak genôch op de helte fan RKC te finen. Sa krigen de ploech fan René Hake ek hiel wat corners, mar dat smiet hast gjin gefaar op. Daniel Crowley - hy stie foar it earst yn de basis - wie miskien noch wol it tichtst by in goal, mar syn skot wie net hurd genôch. Dêrom koe RKC-keeper Vaessen de bal maklik fange.

Nei it skoft siet der wat mear libben yn de wedstriid. Oan it begjin fan de twadde helte wie RKC de gefaarlikste ploech. Ndefe koe net profitearje fan in flaterke fan Schilder en Van Weert koppe yn frijsteande posysje oer. Dyselde Van Weert krige tweintich minuten foar tiid in reade kaart. Mei in man mear besocht Cambuur troch in slotoffensyf noch de oerwinning te pakken, mar echt grutte kânsen krigen de Ljouwerters net. En dus moat Cambuur it dwaan mei in teloarstellend lykspul.

RKC Waalwijk - Sportklup Cambuur: 0-0 (0-0)

Opstelling Cambuur: Erik Cummins; Jordy van Deelen, Matthew Steenvoorden, Robbert Schilder, Xander Houtkoop; Mathias Schils (79/Ricardo Kip), Daniel Crowley, Darren Rosheuvel; Issa Kallon (86/Kevin van Kippersluis), Martijn Barto, Justin Mathieu (60/Alvin Daniels)

(advertinsje)