Pyeongchang, dei 9: Trije Friezen by it shorttrack

17 feb 2018 - 06:31

Nei in dei sûnder Fryske sporters, is der hjoed wer folop aksje mei ús provinsjegenoaten. Trije Fryske shorttrackers binne oan bar. Suzanne Schulting, Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat komme hjoed it iis op. Der is dizze dei gjin langebaanreedriden.

11.00 oere: Shorttrack, 1500 meter froulju

De earste heat by de 1500 meter shorttrack foar froulju is om 11.00 oere. Suzanne Schulting rydt yn de tredde fan seis searjes.

De earste trije fan alle searjes geane troch nei de heale finales, dy't fan 12.13 oere ôf ferriden wurde. De finale stiet om 13.09 op it programma.

11.44 oere: Shorttrack, 1000 meter manlju

Om kertier foar tolven hinne sette de kwartfinales fan de 1000 meter by de manlju útein. Dêryn sitte twa Friezen: Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat. Sy pleatsten harren ôfrûne tiisdei. De Laat rydt yn de twadde fan fjouwer kwartfinales, ûnder oare tsjin Samuel Girard. Knegt komt yn syn kwartfinale (de tredde) Semen Elistratov wer tsjin. Sy wûnen earder dizze wike respektyflik sulver en brûns op de 1500 meter.

De bêste twa fan eltse kwartfinale geane troch nei de heale finales, dy't om 12.43 oere begjinne. De finale set om 13.24 oere útein.

Snein 17 febrewaris: Wer reedride

Snein komme Anice Das en Marrit Leenstra yn aksje op de koartste ôfstân: de 500 meter. Sven Kramer komt ek wer yn de baan yn de searjes fan de ploege-efterfolging.

Foarsizzingen

Alle dagen docht in panel fan sportsjoernalisten in foarsizzing foar de medaljekânsen fan dy dei. Dat binne Johan Stobbe (Leeuwarder Courant), Koos Wieling (sjoernalist Omrop Fryslân), Lisette van der Geest (sjoernalist Algemeen Dagblad), Joris van den Berg (kommentator shorttrack NOS), Roelof de Vries (sjoernalist Omrop Fryslân) en Cees Juffermans (âld-shorttracker en analist NOS).

Froulju 1500 meter shorttrack

Foarsizzing Roelof de Vries

1. Choi Min-jeong (Súd-Koreä)
2. Shim Suk-hee (Súd-Koreä)
3. Marianne St-Gelais (Kanada)

Foarsizzing Joris van den Berg

1. Shim Suk-hee (Súd-Koreä)
2. Choi Min-jeong (Súd-Koreä)
3. Suzanne Schulting (Nederlân)

Foarsizzing Cees Juffermans​

1. Choi Min-jeong (Súd-Koreä)
2. Shim Suk-hee (Súd-Koreä)
3. Kim Boutin (Kanada)

Manlju 1000 meter shorttrack

Foarsizzing Roelof de Vries

1. Hwang Dae-heon (Súd-Koreä)
2. Lim Hyo-jun (Súd-Koreä)
3. Sjinkie Knegt (Nederlân)

Foarsizzing Joris van den Berg

1. Hwang Dae-heon (Súd-Koreä)
2. Sjinkie Knegt (Nederlân)
3. Samuel Girard (Kanada)

Foarsizzing Cees Juffermans​

1. Lim Hyo-jun (Súd-Koreä)
2. Shaolin Sandor Liu (Hongarije)
3. Hwang Daeo-heon (Súd-Koreä)

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)