Wapene oerfal op It Hearrenfean, trije fertochten oppakt

16 feb 2018 - 21:38

De plysje hat freedtejûn op It Hearrenfean trije fertochten oanhâlden fan in wapene oerfal. De berôving soe plakfûn hawwe yn it sintrum fan It Hearrenfean. De plysje is op it stuit dwaande mei in ûndersyk. Mear ynformaasje is op it stuit noch net bekend.

Omwenners soene earder op de jûn al ferskate plysje-auto's yn 'e rjochting fan it sintrum riden sjoen hawwe.

(advertinsje)