Froulju SC Hearrenfean thús ûnderút tsjin Ajax

16 feb 2018 - 21:28

De froulju fan Sportklup Hearrenfean binne der freedtejûn yn eigen hûs tsjin Ajax net yn slagge de punten te pakken. Op sportpark Skoatterwâld waard it 1-3 yn it foardiel fan de Amsterdammers. Al nei trettjin minuten makke Marjolijn van den Bighelaar it earste doelpunt foar Ajax. De gasten krigen foar rêst noch wat oare kânskes, mar dy leveren gjin doelpunten op.

Nei it skoft ferdûbelen de Amsterdammers de foarsprong. Kelly Zeeman makke nei in scrimmage de 0-2. Dochs kaam Hearrenfean noch efkes werom. Nei in grutte flater fan de keepster fan Ajax skoarde Tiny Hoekstra foar de Feansters: 1-2. Inkelde minuten letter makken de gasten dien wurk troch in doelpunt fan Inessa Kaagman.

De Feanfroulju komme takom wike freed wer yn aksje. Dan stiet in útwedstriid tsjin Excelsior Barendrecht op it programma. Dat is de lêste reguliere kompetysjewedstriid. As Hearrenfean nei takom wykein by de bêste fiif ploegen heart, dan pleatse de Feansters harren foar de kampioenskompetysje.

(advertinsje)