Skippershûs 2.0 Terherne offisjeel iepen

16 feb 2018 - 18:21

It Skippershûs yn Terherne is werom. Net dat it écht fuort wie, mar de namme wol, om't it hoarekabedriuw omdoopt wie ta 'Harbour Club'. Mar fan freed ôf is it wer gewoan 't Schippershuis.

Freed waard it hotel-restaurant offisjeel op 'e nij iepene. It hotel-restaurant foarmet yn kombinaasje mei 'De Tsjerke' in bysûndere troulokaasje. 'De Tsjerke' waard koartlyn noch útroppen ta moaiste troulokaasje fan Fryslân.

Nei de metamorfoaze dy't 't Schippershuis de lêste moannen ûndergien hat, is it de ambysje fan ûndernimmer Suzanne Kloosterman (24) om de saak wer ta it brûzjende hert fan Terherne te meitsjen.

(advertinsje)