Straf foar jonge dy't sântûzen euro pikt fan styfheit

De rjochtbank © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 19-jierrige jonge út Boarnburgum moat syn styfheit sântûzen euro werombetelje. Dat hat de rjochtbank freedtemiddei bepaald. Ek komt de jonge ûnder tafersjoch fan de jeugdreklassearring en krige er in wurkstraf fan tritich oeren. It jild kaam út in slúf dy't yn de wenning fan syn mem en styfheit lei. De Boarnburgumer hie al it jild yn twa wiken útjûn oan klean, iten en drank.
Neffens de reklassearring hat de jonge gjin spyt fan syn dieden. Yn totaal soe er achttûzen euro stellen ha út de slúf, mar dat achte de rjochter net bewiisd.