"Fryslân hiel geskikt foar organisaasje BinckBank Tour"

16 feb 2018 - 17:23

Fryslân is hiel geskikt foar it organisearjen fan in etappe yn de BinckBank Tour. Dat seit direkteur Rob Discart fan de belangrykste etappewedstriid foar profhurdfytsers yn Nederlân en België.

In rit troch Fryslân smyt altyd moaie bylden op en in spektakulêre sprint oan 'e ein. Ek is der kâns op waaiers troch de wyn en is de organisaasje goed.

De BinckBank Tour, de eardere Eneco Tour, hâldt op 12 augustus in ploegepresintaasje yn Boalsert, wêrnei't op 13 augustus de earste etappe tusken It Hearrenfean en Boalsert op it programma stiet. De rûte sil gean troch de gemeenten It Hearrenfean, De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân.

Ek yn 2015 en 2016 begûn de earste etappe yn Boalsert. De BinckBank Tour is de iennichste wedstriid fan mear as ien dei yn de UCI World Tour troch Nederlân en België. Ferline jier wûn Tom Dumoulin de etappekoers.

(advertinsje)