Gjin ûngeregeldheden ferwachte by yntocht Sint Piter

16 feb 2018 - 17:09

De gemeente Ljouwert giet der fanút dat der sneon gjin ûngeregeldheden barre sille by de yntocht fan Sint Piter yn Grou. Op dit stuit is der gjin oanlieding om de feiligheidsmaatregels op te skalen.

Foar sneon binne gjin demonstraasjes oankundige en dat is neffens de gemeente goed nijs. "We monitoren de situatie, houden het nieuws in de gaten en als het nodig is schalen we op", seit Johan de Jong fan de gemeente.

By it evenemint sille wol plysje, befeiligers en de brânwacht oanwêzich wêze. Hoe grut oft dy oantallen binne, kin de gemeente net sizze. "Maar het is in de verste verte geen Dokkum-tafereel. We gaan ervan uit dat er niets gebeurt en hopen vooral dat het feest de aandacht krijgt die het verdient."

Trefwurden: 
Sint Piter Grou
(advertinsje)