Plysje treft bewusteleaze frou oan by drugsynfal yn Ljouwert

16 feb 2018 - 16:57

De plysje hat freedtemoarn by in drugsynfal oan de Foarstreek yn Ljouwert in bewusteleaze frou oantroffen. De frou lei yn de hal en wie nei alle gedachten ûnder ynfloed fan GHB. Se waard sa gau as mooglik nei it sikehûs brocht.

By de ynfal waard de haadbewenner fan it hûs ek oanhâlden. It wie de plysje dúdlik wurden dat de wenning brûkt waard foar de hannel yn harddrugs. Yn it gebou sels is ûnder mear XTC en GHB oantroffen.

Tsjin de fertochte sil proses-ferbaal opmakke wurde.

Trefwurden: 
Foarstreek drugsynfal GHB xtc
(advertinsje)