Plysjeteam beëiniget aksje Greenpeace, njoggen oanhâldingen

In spesjaal team fan de plysje hat yn gearwurking mei de Kustwacht de protestaksje fan Greenpeace boppe Skiermûntseach beëinige. Yn totaal binne njoggen aksjefierders fan Greenpeace oanhâlden. Freedtemoarn waarden troch de plysje fiif minsken oanhâlden, dy binne yntusken alwer frijlitten. Oan de ein fan de middei waarden noch fjouwer aksjefierders oppakt, krekt nei't se in spandoek ophong hienen. Sy wurde nei de Eemshaven brocht, dêr't se troch de plysje heard wurde.
De plysje hat in spesjaal team ynset, dat mei in helikopter ynflein waard. De aksjefierders klommen tongersdei al op de poaten fan it boarplatfoarm, as protest tsjin de proefboarringen nei gas dy't freed losgean soenen fan it platfoarm ôf. Dy proefboarringen binne freed net trochgien.