Fryske boargemaster fan Stadskanaal nimt ûntslach

16 feb 2018 - 16:52

De Fryske boargemaster fan de gemeente Stadskanaal, Baukje Galama, hat ûntslach nommen. Galama hie har ferline moanne al siik melden, neidat se botste mei leden yn de ried fan Stadskanaal. Omdat har sûnens bot te lijen hat ûnder it skeel, jout se der no de brui oan.

Baukje Galama wie fan 2005 oant 2009 boargemaster fan Flylân. Dêrfoar wie se út namme fan de VVD lid fan Provinsjale Steaten. Galama hat yn totaal goed acht-en-in-heal-jier boargemaster fan Stadskanaal west.

Trefwurden: 
Baukje Galama Stadskanaal
(advertinsje)