Eigener boarplatfoarm docht oanjefte tsjin Greenpeace

De eigener fan it boarplatfoarm dat tongersdei beset waard troch aksjefierders fan Greenpeace, hat oanjefte dien. "Het levert een onverantwoorde situatie op", seit wurdfierder Loek Houtepen fan Hansa Hydrocarbons.
Aksjefierders klommen tongersdei op de poaten fan it boarplatfoarm boppe Skiermûntseach. Dat smiet neffens Hansa in gefaarlike situaasje op. Houtepen: "De vrieskou en harde wind zorgden er vannacht voor dat de activisten gevaar liepen. We hebben de actievoerders daarom aangeboden om aan boord te komen. Ze hebben onderdak gekregen."
Der is in 'feilichheidssône' fan 500 meter om it platfoarm hinne. Dêr meie minsken net komme. "Dat is niet voor niets", seit Houtepen. "Dat moet voorkomen dat mensen zichzelf onbedoeld in gevaar brengen."
Earder freed pakte de plysje trije aksjefierders fan Greenpeace op yn de haven fan Lauwerseach.