Bergsma oer sulver: "Goed fierd, mar wol in bytsje jaloersk"

16 feb 2018 - 15:24

Jorrit Bergsma hat syn sulveren medalje freed ophelle mei dochs wol mingde gefoelens. Oan de iene kant is de reedrider fan Aldeboarn bliid mei syn sulveren plak, mar de teloarstelling sit der ek noch wol wat.

Bytsje jaloersk

Bergsma hat tongersdei wol in feestje fierd mei famylje en freonen, mar seit dochs stikem wol in bytsje jaloersk te wêzen op Ted-Jan Bloemen, dy't op it heechste poadiumplak stie: "As sporter wolst altyd foar de oerwinning gean." Bergsma wie titelferdigener op de 10 kilometer, mar hat in min foarseizoen hân. Op basis dêrfan is er bliid dat de foarm der no wol wer wie.

"It bliuwt in frjemd ferhaal"

De hiele diskusje oer it matchfixingferhaal fan syn coach Jillert Anema sit Bergsma yn 'e wei, mar hy seit dêr net it measte fan te witten. Hy bliuwt derby dat it in nuver tiidstip fan publisearjen is. En dat it him liket dat it mei in doel wie. Neffens Bergsma wurdt no sjoen nei hoe't it allegear sit.

Heather

Bergsma bliuwt de kommende wike noch yn Súd-Koreä om syn frou Heather Bergsma te stypjen. Sy komt letter dizze Spelen wer yn aksje.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)