Gedichten as earbetoan oan swimbad De Welle

16 feb 2018 - 16:17

It swimbad yn Drachten giet ticht en dêrom makke Andries de Jong in oantal gedichten as earbetoan oan it swimbad. Freedtemoarn waarden de gedichten op de muorren fan it swimbad plakt. Andries de Jong is gemeentedichter fan Smellingerlân, mar makke dizze gedichten op eigen inisjatyf.

Herken je de geur
van chloor?
Laat je geheugen maar eens
achteruitzwemmen

Toen je nog geen hypotheek had
of een 60-urige week had
of een hekel aan gepreek had.

Fjouwer gedichten

It binne de earste regels fan it gedicht 'Zo rook het', ien fan de fjouwer gedichten dy't allegear yn of by it swimbad te hingjen komme, op in plak dêr't it by past. 'Zo rook het' hinget op 'e mourre by it terras en giet oer oantinken. It gedicht 'Sparteljoris spettermiep' komt by it pjutterbad. Yn de jeugdhoeke hinget it gedicht 'Dag bad' en by it wedstriidbad 'Kop erbij'. "Dat giet oer konsintraasje op it startblok. 'Kop erbij', dat is echt in wedstriidgedicht", fertelt De Jong.

De Jong waard earder beneamd ta gemeentedichter fan 2017-2018. "Ik wol my ynsette foar mear sichtberens fan gedichten op plakken dêr't je it net ferwachtsje", seit er.

Plat

Swimbad De Welle giet oer trije jier plat. Oant dy tiid hingje de gedichten yn it swimbad.

(advertinsje)