Freedsmerk: "Earlike sport? Ja, damjen miskien…"

16 feb 2018 - 14:24

Miskien dat damjen noch in earlike sport is. Ta dy konklúzje kaam ien fan de minsken op de Ljouwerter freedsmerk. "Earlike sport? Ja, damjen miskien..." Dat wie in reaksje op it matchfixingferhaal mei Jillert Anema yn de haadrol.

Hoe koe dit no dat minsken sa tinke? Bestiet earlike sport hielendal net? "It is moai om te sjen, mar we wurde fan alle kanten bedondere", sei in oar. "Der giet sa'n soad jild yn om, dan krije jo dat", stelt in oare besiker.

Wer oaren tochten dat it net sa sear de sporters sels binne, mar de minksen deromhinne, dy't wat 'regelje' wolle. "Ik sjoch der net fan op. It komt oeral foar dat it spul net earlik spile wurdt. Dat seagen we ek mei Halbe Zijlstra al."

Trefwurden: 
freedsmerk
(advertinsje)