Goud mei Frysk rântsje op olympyske 5000 meter froulju

16 feb 2018 - 14:16

Alwer goud mei in Frysk rântsje op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä: Esmee Visser wûn de 5000 meter yn Gangneung yn in persoanlik rekôr fan 6.50.23. De rydster wie better as de Tsjechise Martina Sábliková, dy't mei 6.51.85 as twadde einige. Tredde waard Natalia Vorinina út Ruslân yn 6.53.98. Annouk van der Weijden waard fjirde yn 6,54.17.

De Fryske ynbring yn dizze gouden medalje komt fan de trainer fan de 22-jierrige Esmee Visser. Remmelt Eldering fan Noardburgum is de coach fan de olympysk kampioene. Hy is oerdondere troch it goud en út de skroeven. Eldering is sûnt maaie trainer fan de reedrydster út de Haarlemmermeer. De debutante op de Spelen traint mei de jeugdige manljusgroep fan RTC Noord, dêr't Eldering trainer fan is.

Wiete eachjes

Stikem hie de Fries wol in bytsje hope op sukses fan syn pupil, mar de spanning rûn behoarlik op neidat sy in goeie tiid delset hie. Doe't Sábliková ried, wiene de spanningen op it hichtepunt. De ûntlading wie dêrnei grut, fertelt de grutske coach. "Ik hie wol efkes wiete eachjes."

De kommende dagen litte Visser en Eldering alles wat op har ôfkomme en sil de Noardburgumer wol in feestje fiere, is syn ferwachting.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)