It Hearrenfean dekôr fan earste etappe BinckBank Tour 2018

16 feb 2018 - 14:02

De wichtichste etappekoers fan Nederlân komt opnij nei Fryslân ta. It giet om de BinckBank Tour, de eardere Eneco Tour. Yn 2015 en 2016 wiene der fan dizze koers etappes mei begjin en ein yn Boalsert. Dit jier sil de earste etappe útein sette op It Hearrenfean, 'sportstêd' fan it Noarden.

De rûte sil gean troch de gemeenten Hearrenfean, De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân. De einstreek leit opnij yn Boalsert. De oerienkomst tusken de organisaasje fan de koers, de provinsje, de trije gemeenten en de lokale stichting yn Boalsert is freedtemoarn ûndertekene.

De BinckBank Tour is de iennichste wedstriid fan mear dagen yn de UCI World Tour troch Nederlân en België. Ferline jier wûn Tom Dumoulin de etappekoers.

Trefwurden: 
BinckBank Tour hurdfytsen
(advertinsje)