Dokkumer (36) rekket ferwûne by stekynsidint yn Burgum

16 feb 2018 - 13:37

In 36-jierrige man út Dokkum is freedtemiddei ferwûne rekke by in stekynsidint yn Burgum. It barde oan De Yp yn it doarp.

De man hie fanút in wenning yn Feanwâlden de ambulânse belle. Hy koe him net heuge hoe't er dêr terjochte kaam wie en ek net hoe't er ferwûne rekke is. Troch speurwurk en social media kaam de plysje der efter dat dat yn in wenning yn Burgum bard is.

De plysje hat in 28-jierrige man út Koatstertille en in 36-jierrige frou út Burgum oanholden. De plysje docht op it stuit ûndersyk.

Trefwurden: 
stekynsidint
(advertinsje)