Plysje pakt aksjefierders boarplatfoarm Skiermûntseach op

16 feb 2018 - 12:05

Trije meiwurkers fan Greenpeace binne freedtemoarn oanholden yn de haven fan Lauwerseach. It giet om minsken dy't belutsen binne by de aksje tsjin de proefboarringen tweintich kilometer boppe Skiermûntseach. De kampanjelieder, de parsewurdfierder en de bestjoerder fan in rubberboat binne troch de plysje meinaam.

De Greenpeace-meiwurkers waarden nei de fêste wâl fearn, omdat se behoarlik seesiik wiene; it waar is behoarlik rûch bûtenút. Doe't sy oankamen, stie de plysje al klear. De kustwacht makke tongersdei dúdlik dat elkenien dy't tichter by as 500 meter fan it boarplatfoarm komt, skuldich is oan in misdriuw. In fotograaf en in kameraman fan Greenpeace binne net meinaam.

Trefwurden: 
Greenpeace Skiermûntseach
(advertinsje)